Historie

De Stille Genieter, Fryslâns bekendste geheime zender, is alweer een tijdje uit de lucht. Gooitzen de Haan, een vijftiger uit Harkema, woordvoerder van de radiopiraat, zwijgt echter niet als wij met hem praten over etherpiraten, het jaarlijkse artiestengala en de lastige opsporingsambtenaren.

Gooitzen verteld over een ervaring met een opsporingsambtenaar van de PTT. De lêste boete dy’t ik rinnen haw is 5400 euro. Dy moat ik noch betelje. Ik bin in heuger berop gongen. Ik sil dy fertelle hoe’t dat begûn. De menear, dy opspoaringsamtner, komt hjir op in moarn gewoan oan é doar. Ik sjoch dat it Jelle R. is. Hy seit; ik moet me even legitimeren. ik sei: it hoecht net, want ik ken je wel. “Hy wer: “Gooitzen, ik constateer dat hier uit dit pand wordt gezonden.” Ik antwurde: “Dat kun je best zeg’n, dan doen je um mar uit, mar ik heb geen sender. “Nou, sa gong dat wol fiif minuten troch. Oant er op in gegeven moment sei: “Je hebt zeker geld genoeg?” Ja”, sei’k, dêr ken ‘k jou wel in fersuipe. “Doe begûn er wer te sizzen dat ik de sender utdwaan moast. Doe hie ’k myn nocht: “Sa ’k jou es wat fertelle, je moet maken dat je de wech komt met je beskuldigingen” Hy sei: “Dan ga ik wel” Twa dagen letter hie ik in dwangbefel fan 4.900 euro yn é brievenbus lizzen. Ik betelle net. Doe kaam de doarwader en waard it 5400 euro. Ik haw in advokaat yn é hân nommen. Dat dizze zaak komt no foar.

Drie keer vrijgesproken.
Dat de ontiegelijk grote zendmasten achter in zijn paradijslijk mooie tuin voor iedereen zichtbaar zijn, bewijst volgens Gooitzen de Haan nog niet dat hij piraat is. Ít binn’myn mêsten allegear net. Der stiet mar ien op myn lân, dy oaren binn’net fan my. Sa wurde je beskuldige. En dy iene op myn lân is fan myn jonge, dy is ek net fan my. Dúdlik klear net?! Ik bin trije kear troch de rjochtbank frijsprutsen. Sa hawwe se my ris in fersterker ôfpakt, dat doe stie ik foar de rjochter. Dy frege oan dy ambtner hoefolle piraten der Yn é Harkema sieten. Hy antwurde: Yn ien op é tsien huzen. ’Doe streake de advokaat my op ’t skouder, doe wie ’k frij. Ik dream der nachts wolris fan, oer dat senden en sa. Dat se hijr wol komme. Ik haw my ferline wike sels in slach op ’t each jûn, mei de fûst.’

Omrop Fryslân
Gooitzen de Haan heeft wel een verklaring waarom radio amateurs zo zwaar vervolgd worden. Dat heeft volgens hem niets met het storen te maken. De visie van de zendamateur: Se kinne der better mar earlik foarút komme dat it om de frekwinsjes giet. Dy wolle se ferkeapje en dy frekwinsjes moatte frij wêze, dat is de hiele reden. Want Omrop Fryslân dy sit dus net op in frekwinsje dêr’t in piraat op sit, want dan hawwe sy in probleem. Wij fege him der sa út, hearst Omrop Fryslân noait wer. En dan stoar ik en derôm dogge wy dat net, Ast minsken hast mei in heul lyts wekkerradiootsje en sy lizze moarns ûnder de sinnebank. Ik neam mar wat en sy wenje op twintich meter ôfstan fan je, dan kin it gebeure dat je op dy triedsjes slagge, Mar dat is by de Smilde ek sa. As je in Appelsgea binne dan stoart Smilde al en bin’je yn Jirnsum dan krije je dy gefallen ek. Dus dan wurdt der mar gau sein “je stoare” Nee, sis ik, as je dy minsken in goeie radio bringe dan is de stoaring fuort. It komt der op del wy meie it net dwaan. It bin ’gjin stoarings, mar it wurdt neamd as stoaring.

Ook gewijde muziek
Tweeëndertig jaar geleden ging de Stille Genieter (’der namme waard foar it earst troch in piraat út Tsjummearum brûkt, mar doe’t hy dermei ophold, hawwe wy de namme oernommen) voor het eerst de ether in. De Haan weet het zich nog als de dag ven gisteren te herinneren’; Altyd muzyk draaie, weinig prate, gewoan muzyk draaie. Alle sneintejûnen op é 102 wie de Stille Genieter te beharkjen. De frou siet yn é hûskeamer, dy skreau de fersoekjes allegear op. Wy hawwe it ek wol mei briefkaartsjes dien. En sa wie de Stille Genieter fan acht oant in oere as alve yn é loft. Hollânsktalich en de lâste jierren ek gewijde muzyk. Konstant, miste noait. As wy yn Noard Hollan sieten of yn Limburch, dan riid ik dertsjinoan, om jûns tsjin achten wer thûs te wêzen, foar de harkers.

100.000 gûne
Zelfs nu de Stille Genieter al een tijdje niet meer in de lucht is, is de radiopiraat nog altijd populair. Acties zoals in 1981 voor het realiseren van de sporthal in Harkema hebben zeker aan de populairiteit van de radiozender bijgedragen. Wy hawwe foar de sporthal yn e Harkema draaid. Wy moasten doe 100.000 gûne byinoar ha. Dat seach de gemeente net sitten dat wy dat by mekoander krigen. Dus wy begûnen te draaien, in hiele wike, wy waarden der ek net ût helle, wy stoarden doe blykber ek net. Apart! Binne in wike hiene wy de sinten byinoar. Doe binn’der dowen ût Almelo oanbean, dy koene de dowenleafhawwers hjir ût é Harkema ophelje en keapje. In oar hie klokken. En dy hie dit en in oar hie dat, se stjoerden sjeks der waard fan al dat oanbeane guod in ferkeaping hjir yn it kafee dien. Sa’k sei binnen in wike hiene wy it jild bymekoar. Gweldich man.!

’Wat moat dit hjirre?”
De apparatuur van de Stille Genieter is faak genóch in beslag genomen. Moatst mar rekkenje sa’n kear of njoggentjin. Ik bin wolris thûskaam dan stie de plysje hjir op ’t hiem. Der stiene samar 400, 500 minsken op é daam. It duorre tsien minuten, in kertier, dan belle de frou my. Ik sto mei de auto ût Drachten…. Nei hûs. Kom hjir de Dwerssingel op jeien, doch de hân op é klakson en ik hâld him derop. De minsken spatte allegear oan é kant en raze Gooitzen Gooitzen! Echt entûsjast. Ik nei binnen ta en sis tsjin dy plysjes: ’Wat moat dit hjirre? Myn frou lêstich falle? Wêrop sy seine: Gooitzen, ûs ekskûzes hjirfoar, mar wy krigen berjocht dû wiest oan ’t senden, dû wiest oant stoaren. Mar ik wie dus hielendal net thûs. Dat sy binne foartgangen. Doe bin ’k mar eefkes meigongen. want al dy minsken stiene der noch. En pakten dy plysjeauto beet, dy soene se oer de kop goaie, sa stiene se achter ûs.

Gevangenisstraffen
Ook gevangenisstraffen wegens het illegaal uitzenden bleven Gooitzen de haan niet bespaard. Al bewaart hij helemaal geen nare herinneringen aan die onvrijwillige opsluiting. ’k ha yn Nieuw Bergveen, Blank en Bosch en yn Esserheem sitten. Trije moanne wie ’t langste, as ik der wer gewoan foar sitte moast, dan draaide ik noch. Dat makke my niks ût, dat ha ’k der wol foaroer. Mar ik wol net weijaan wêr ’t ik myn heule libben foar wurke ha. Om twa wike foar de harkers even op te knappen, dy’t sa dankber binne foar wa’t ik ûtstjoer, ha ’k der wel foaroer. Dy ervaringen wiene oars goed, heul goed. Se sjogge je dêr net as misdadiger. Je krije de moaiste putsjes ek noch. De minsken kenne je, de oppassers harkje ek allegear nei je. Froeger wie it dochs geselliger, dan sieten je moai wat te draaien, de buorlju kamen in gleske drinken even moai dûnsje op in stikje muzyk mar it hat allegear west. Dy gesellichheid is fuort. Itkin net mear, je wurde no angstich, al sis ik der fuort achteroan dat ik net angstich bin. Ik wol se dy eare net oandwaan, om my dit ôf te heljen dêr ’t ik myn heule libben foar ploetere ha. Dy eare krije se net. Want dêr binne se op ût. Wêrom moat in oare piraat 1.000 euro boete krije en wêrom krijt de Stille Genieter ût Harkema 5.400 euro?

Artiestengala van het Noorden
De Stille Genieter is meer dan een piratenzender uit Harkema, het is ook de naam van de Haan zijn speciaalzaak in CD’s en DVD’s. En de roemruchte ROMMY (stem uit de Friese Wouden) brengt zijn muziekschijfjes uit onder het label STG met het haantjeslogo in de hoek. Gooitzen de Haan is de manager van ROMMY en trekt het hele land door, met de4 zanger van het levenslied, Ook al sinds jaar en dag is de Stille Genieter betrokken bij de organisatie van het Grootste Artiesten Gala van het Noorden. Gooitzen de Haan; Dat gala is fan De Harkema yn ’s feestwike en dat feest organisearje wy al jierren. It feest is yn é rin fan é tiid groeid, fan in piratefestijn ta in hieltyd grutter wurdend feest. Feestkommisje en Plaatselijk Belang dy freegje allinne wat docht de Stille Genieter, it heart der gewoan by, wy dogge meiinoander it feest.Over de toekomst van de Stille Genieter is Gooitzen de Haan duidelijk, De Stille Genieter is der noch altyd, ik bin no op in leeftyd, je kameraden falle by je wei, je âlden se binne allegear wei, dat ik sis; genietsje noch mar wat en nim de dei mar mei, want moarn lizze wy ek, sa besjoch ik it. 

bron: Friesland Post mei 2003